De 14-jierrige Freya is foar it earst mei har âlden en har broerke op it tropyske Curaçao om't har broer dêr staazje rint. Se komt yn 'e kunde mei Guido, de maat fan har broer. As se mei him de salsa dûnset, wit se al gau: him wol ik ha, it kin neat skele wat ik dêrfoar dwaan moat.
Ienkear werom yn Nederlân fernimt se dat de fakânsje net sûnder gefolgen bleaun is. Wat no?
Ynhâld
'Dit is myn sus.' Roelof raasde nei in groep dy't har entûsjast op de muzyk gean liet. Freya joech hjir en dêr in hân. Se hearde nammen, seach gesichten mar wie alles daliks wer fergetten. It wie sa oerweldigjend!
Se dûnsen ûnder de bleate himel, de stjerren skitteren tusken de diskolampen troch, as de muzyk in bytsje minder hurd wie, hearde se it rûzjen fan de see en se fielde hoe't de wyn har troch it hier streake.
Earder skreau Hanneke de Jong De lêste brief en Sterke skouders, beide oerset nei it Nederlânsk. De lêste brief waard bewurke ta in multymediastik mei toaniel, filmkes en livemuzyk.
De Volkskrant skreau oer De laatste brief: 'Wat een schitterend, humorvol en troostrijk boek.'
Yn 2010 krige Hanneke de Jong de Simke Kloostermanpriis foar Salsafamke.
Yn it rapport skriuwt de sjuery:
De 14-jierrige Freya is foar it earst mei har âlden en har broerke op it tropyske Curaçao omdat har broer dêr staazje rint. Se komt yn ’e kunde mei Guido, de maat fan har broer. As se mei him de salsa dûnset wit se al gau: him wol ik ha, it kin neat skele wat ik dêrfoar dwaan moat. As se werom is yn Nederlân fernimt se dat se yn ferwachting is. Omdat se neat oan har mem hat, giet se nei har beppe ta en freget om rie: moat ik abortus dwaan litte of net?
Yn dit boek wurdt de românse fan Freya mei Guido prachtich moai, sfearfol eroatysk beskreaun. Tsjin it fakânsjedekor fan Curaçao wurde de gefoelens fan Freya foar en har langstme nei Guido oprjocht en natuerlik werjûn. De ûnfeilige relaasje mei har mem en de waarmte dy’t se by har beppe fynt binne ynteger en oprjocht beskreaun.