Noch ien kear wol ik my útrisse ta de striid: ien kear noch ynbrekke yn 't libben, op 'e râne fan 'e tiid. Mar de tekens stean faai: besingele wurd ik troch in heksekring, begnúfd troch in duvelsaai, hoannen kraaie yn 'e jûn, ik puozje sâlt op 'e grûn, sweltsjes ha besletten by 't bouwen fan in nêst myn hûs te mijen, nachts heazje harmoanika's benearjende meldijen, by 't lemieren mâlbeare akke-tsjoensters yn koar, in hoefizer hinget ferkeard om oan 'e doar, klokswichten lizze op 'e flier, in spegel leit oan barrels, swarte krieën âlje om 'e gibbegatten, swarte katten strûpe troch 't strewel en flechtwegen rinne allegearre ûnder ljedders del. 't Is alle dagen duveldei! Wêr fyn ik noch in útbrekwei?
Dizze bondel, yn de fan Meindert Bylsma bekende boartlike en humoristyske styl hat as tema's ferfrjemding, ferwûndering en oantinkens oan earder tiden. Bylsma kombinearret koartswyl en earnst op linige en orizjinele wize.